Welkom op de site van korfbalvereniging M.N. en W. uit Hijum/Feinsum.

 


Geschiedenis
Dit stuk komt uit het jubileumboek ‘M.N. en W. wat betsjut dat…’. Dit boek is geschreven ter gelegenheid van het vijftig jarig bestaan (1948-1998) van de korfbalclub Mei Nocht en Wille út Hijum/Feinsum.

De start fan Mei Nocht en Wille

It sil yn ‘e simmer fan 1948 west ha, doe’t wy op in jûn op it nije sportfjild omhongen. In moai fjild wiene wy fan betinken. Utsein de iisklup wie der net in sportferieniging yn Hijum. Der waard wolris keatst, mar dan meastal tagelyk mei it feest. Sa kaam op dy jûn Chris Sluiter mei it idee, wy moasten hjir in kuorbalklup ha. Dat fûn byfal. Der giene noch al in pear stimmen op, in hânbalklup soe ek wol aardich wêze, mar dat hie sa syn beswieren. Men moast it dûbele tal spilers ha, woene wy ta twa teams komme, want yn dy sport spilen jonges en famkes apart. En sa waard it kuorbal. Der waard ôfpraat, wy soene der ruchterberheid oan jaan en de oare wyks fergaderje by Jensma yn ’t Bûthús. En sa kaam it.

Chris Sluiter hie de lieding. Hy hie syn ljocht alris opstutsen en wist al hiel wat te fertellen. Wy moasten: oanslute by it kuorfbalbûn, in trener ha, plak ha foar de gastspilers om harren om te klaaien, ballen ha en kuorren en linen, ferskine yn klupkleuren en wy moasten in namme ha. It earste wie gjin beswier. In trener koe fia it bûn regele wurde. Foar de waskerij soe Piet Terpstra frege wurde oft dat by him yn ’t Bûthús koe. Der soene wasktobkes oanskaft wurde moatte en mei de pomp yn ’t bûthús moasten de gastspilers harren tefreden stelle. Eigen spilers koene thús wol waskje. Mei de trener en skiedsrjochter wie it wat oars, mar dy koene by Rimmer en Tsjitske yn it achterhûs terjochte.

Dan it tenu. Om’t elk wol in donkere koarte broek hie kleure dêr ljochtblau goed by. Dat sa waard besluten, de froulju in donkerblauwe koarte broek mei in ljochtblau bloeske sûnder mouwen en de manlju krekt sa ’n broek en in ljochtblau bloeske mei mouwen (op eigen kosten). Ek de namme ‘Mei Nocht en Wille’ is dy jûns betocht en sa hie Hijum in kuorbalklup.

Wy giene nei de Westhoek, nei Burdaard, nei Lekkum, nei Ljouwert en Warten, nei de kompetysjewedstriden om utens en nei searjedagen en dat allegearre op ‘e fyts. De resultaten wiene net sa besûnder, mar it entûsjasme wie der en bleau der.

Doe’t wy dy simmer in freonskiplike wedstriid tsjin Hâllum spilen (Hâllum hie al earder in kuorbalklup) wûnen wy mei 11-0. Doe stiigde ús selsbetrouwen. Hâllum hat der de brui letter oan jûn. Sa stadichoan waard it better en kamen wy alris faker mei in oerwinning thús. Dêr binne de medaljes en bekers yn ‘e medaljekast tsjûge fan.

 

Skriuwn troch Ytsje Spoelstra-v.d. Meulen.